Wetterskip Fryslân oer blokkade yn Jorwert: "Wy hiene better kommunisearje moatten"

"Wy hiene it hiele plan wol wat better kommunisearje kinnen mei de ynwenners fan Jorwert en doarpsbelang. Dat is de les dy't wy hjir út lûke." Dat seit Otto van der Galiën fan Wetterskip Fryslân nei oanlieding fan it protest fan ynwenners fan Jorwert, dy't frachtweinen mei klaai fan it wetterskip blokkearren. Yn oerlis mei de ynwenners hat it wetterskip in oplossing fûn. Frachtweinen hoege net langer troch it doarp te riden, mar nimme in paad troch in stik greide fan in boer.
Wetterskip Fryslân oer blokkade yn Jorwert: "Wy hiene better kommunisearje moatten"
Krekt foar tolven hellen ynwenners fan Jorwert de auto's wer fan de dyk, doe't der yn oerlis mei Wetterskip Fryslân in kompromis fûn wie. Moarnsbetiid blokkearren lilke Jorwerters de dyk foar de grutte frachtweinen mei klaai, dy't troch it doarp rieden. Se wiene benaud dat de swiere weinen foar grutte skea soargje soene yn it doarp. "De dyk hie op 'e nij straat wurde moatten, tink ik", jout Otto van der Galiën ta. "It plan om troch in stik greide te riden, is wat dat betreft better."

Klaai foar de feart

Earder waard der sein dat it om frachtweinen mei slib giet, mar it binne weinen fol klaai, dy't brûkt wurdt om de Jorwerter feart te ferbetterjen. "Wy ha fan tefoaren ferskate senario's ûndersocht en dit like ús de bêste", fertelt Van der Galliën. "Achterôf sjoen hiene wy dit plan better mei de ynwenners kommunisearje moatten. Dat is de les dy't wy hjir út lûke sille."

Wiis mei de oplossing

Guus van der Sande fan Doarpsnut Jorwert wie wiis mei de nije oplossing. "Het zou mooi zijn wanneer er eerder overleg was geweest, dan was alle reuring van vanochtend niet nodig geweest", konkludearre er nofter.
© Omrop Fryslân, Evert van den Berg