Dupearren crowdfundingsaksje Dream or Donate ûndersykje juridyske stappen

02 sep 2019 - 11:43

Tsientallen dupearren fan de crowdfundingssite Dream or Donate ha harren de ôfrûne dagen meld by Sjouke Faber fan It Hearrenfean. Faber en syn frou Joyce binne sels ek it slachtoffer wurden fan it út de loft heljen fan de site, dêr't minsken jild jaan koene foar ûnder oare medyske behannelingen. Sjouke Faber ropt dupearren op har te melden, sadat se mooglik mei elkoar juridyske stappen nimme kinne tsjin de inisjatyfnimmer fan de webside. "Al mear as tachtich minsken ha har by my oanmeld."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Op dit stuit stiet de teller fan it tal minsken dat har oanmeld hat op tachtich. "En de mailbox sit noch fol, dus der komme fêst mear oanmeldings by", fertelt Sjouke. "Doel fan dizze aksje is dat wy witte wolle hoe grut de skea krekt is. Dat bedrach giet yntusken al oer de twa ton hinne. Wy wolle dupearren boppedat ynformearje oer hokker juridyske stappen wy mei ús allen nimme kinne tsjin de inisjatyfnimmer fan de site. Dêrfoar organisearje wy in ynformaasjejûn yn gearwurking mei in topadvokaat."

Djippe ympakt

De ferhalen fan de dupearren binne hast allegear gelyk. "Dizze ferhalen gripe my oergriislik oan", fertelt Sjouke. "It binne allegear minsken dy't jild ynsammelen foar slimme syktes en dizze aksje as lêste hoop hiene. Dat hat in hiel soad ympakt op my. Dêrby krij ik gelokkich stipe fan myn famylje en freonen. It is hertferwaarmjend hoefolle minsken har melden hawwe en ús helpe wolle. Wy hoopje dat minsken op 'e nij donearje wolle. En wy ha ek ûngelooflik folle stipe oan elkoar as dupearren ûnderling."

Sjouke Faber fan It Hearrenfean

(advertinsje)
(advertinsje)