Lilke Jorwerters blokkearje frachtweinen mei klaai fan it wetterskip

Bewenners fan Jorwert binne in autoblokkade yn it doarp begûn tsjin 155 frachtweinen dy't moandeitemoarn troch it doarp komme. De frachtweinen ferfiere klaai troch it doarp. De bewenners fine dat se te let op de hichte steld binne en hawwe dêrom de dyk blokkearre. Wetterskip Fryslân en de plysje binne teplak om in oplossing te finen.
Blokkade Jorwert
De frachtweinen binne in meter as 16 lang en ride mei mear as 50 ton klaai út Wolsum wei, fertelt Douwe de Bildt fan Jorwert. Dat klaai moat nei in plak dat fan Natuermonuminten is. "Se hawwe mei-inoar wat bekonkele dat it dêr mar hinne moast", seit De Bildt.
En dat wylst ynwenners no it doarp krekt opknapt hiene fanwegen de premjêre fan it iepenloftspul ôfrûne wykein. "En no komt der elk kertier in fyftichtonner troch it doarp en wurdt alles oan stront riden."
Ofrûne freedtemiddei let krigen de Jorwerters in papierke troch de brievebus. De Bildt: "Dat wie net iens fan it wetterskip, dy hawwe it fatsoen net. It wie fan de oannimmer dy't it wurk útfiere moat om ús te warskôgjen dat se troch it doarp komme."
Neffens De Bildt binne der alternative rûten beskikber. Hy seit dat it wetterskip dit de bêste oplossing fûn. De dyk is yn prinsipe iepenbier en it wetterskip moast mei ferskate saken rekken hâlde, lykas it stikstofbelied, de PAS. Sy fûnen it dêrom de bêste oplossing.
Alles wurdt oan stront riden.
Ynwenner Douwe de Bildt fan Jorwert
De Jorwerters fine it mar neat. "We sette de auto's midden op 'e dyk. En se geane hjir earst ek net wer wei", seit De Bildt. "We hâlde de poat stiif. Gewoane auto's kinne der wol troch en foar de kontenerauto fan Omrin sette we it spul oan de kant. Mar dêrnei komme de auto's wer midden op de dyk te stean."
Ferslachjouwer Hayo Bootsma praat mei Douwe de Bildt
© Omrop Fryslân, Geartsje de Vries