Soargen op tsjerklike begraafplakken: der binne net genôch frijwilligers mear

Bestjoeren fan tsjerkhôven moatte fusearje om yn de takomst better oersjoch te hâlden oer wat der bart op begraafplakken. Troch de fergrizing binne der hieltyd minder frijwilligers beskikber foar it wurk op it hôf. De administraasje wurdt ek net altyd like goed byhâlden. Imke Zeilstra fan de regio Fryslân Commissie Kerkelijke Begraafplaatsen fynt dan ek dat fúzjes útkomst biede kinne.
Soargen op tsjerklike begraafplakken: net genôch frijwilligers
Zeilstra wurdt geregeld troch oare tsjerkebestjoeren frege om advys. Der wurdt dan socht om alternativen foar it behear. It tsjerkhôf fan Wetsens is dêr in goed foarbyld fan. Dêr binne pealtsjes pleatst, sadat de frijwilligers witte wêr't se grave moatte. En dat wylst der yn it ferline in behearder oanwêzich wie, dy't it begraafplak út de holle ken en mei de frijwilligers nei it plak ta gong.

Better gearwurkje

Imke Zeilstra fynt dat dit oars kin en moat. Hy seit dat begraafplakken better gearwurkje moatte. Mei ien administraasje en in dúdlike plattegrûn ha je al gau in systeem wêrtroch't ien behearder meardere begraafplakken ûnderhâlde kin.
Imke Zeilstra fan de regio Fryslân Commissie Kerkelijke Begraafplaatsen
Bauke Wijma is behearder op in begraafplak. Hy hat de hôven fan Ried, Skingen, Slappeterp, Doanjum, Skalsum, Boer, Peins en Sweins yn behear. Wijma hat alles goed regele en útskreaun, mar hat ek soargen oer oft hy wol ferfongen wurde kin as hy der mei ophâldt. "Wy ha ús administraasje digitaal, mar as behearder gean ik altyd mei as der in grêf groeven wurde moat. Wy gean dan gewoan mei in mjitlint op paad. En mocht der dan wat net passe, dan moat je wol ris kreatyf wêze."

Net up to date

Neffens Zeilstra is de administraasje by in soad tsjerken net up-to-date. It is dêrom fan grut belang om ien behearder te hawwen. "Er gaat vaak een overdracht van vrijwilliger naar vrijwilliger en dan kan er onduidelijkheid ontstaan. Dit is niet nieuw, maar tegenwoordig wordt er meer nauwkeurigheid verwacht dan vroeger. Daarom lopen sommige, vooral kleine en hele oude begraafplekken, tegen het probleem aan dat ze de administratie van de plekken niet goed op orde hebben. Een oplossing zou zijn om de hele administratie te digitaliseren, dan kom je er vanzelf achter of er zaken niet kloppen en kun je daar naar gaan kijken." Zeilstra tinkt dêrby oan it brûken fan 'augmentend reality', in systeem werby't je mei in tablet maklik sjen kinne wer't ien leit.

Map mei plattegrûnen

Sa modern is op it Skingen noch net. Wijma giet op paad mei syn map mei plattegrûnen. Mei de pealtsjes dy't ek op it hôf fan Skingen stean, is alles maklik te finen. Wijma: "It komt allegear hiel krekt. In begraafplak is ien en al emoasje. As je it dan maklik meitsje wolle foar frijwilligers dan komt it oan op kommunikaasje nei neibesteanden ta. Lis goed út werom't je it dogge en dan komt it begryp fansels."
© Maikel Galama