Teloarstelling om lêste Psy-Fi yn de Griene Stjer

02 sep 2019 - 09:00

Besikers en omwenners binne teloarsteld dat der in ein kaam is oan it Psy-Fi-festival yn de Griene Stjer by Ljouwert. Snein kaam nei fiif dagen in ein oan it feest, dat nei fiif jier ek ferdwynt út Ljouwert. In soad besikers fine it spitich dat de bân fan Psy-Fi mei Ljouwert sa negatyf wie. Op de lêste dei snein waard in spesjale meditaasjesessy holden foar in bettere relaasje mei dejingen dy't mei klachten it festival ferdreaun hat.

Besikers fine de sfear en de minsken moai op dit Psy-Trancefestival mei muzyk, keunst, meditaasje, workshops en romte foar persoanlike groei. Dêrom fine se it soer dat Psy-Fi ferhúzje moat fanwegen arguminten dat it festival skealik wêze soe foar de natuer . "We passen op met muziek en ruimen onze rommel op en we zijn heel begaan met de natuur", seit besiker Irma Huisman. "Ik denk dat de klagers niet met de natuur, maar met hun eigen overlast begaan zijn. Het is zonde, maar dan gaan we wel naar een andere plek en wordt het even leuk."

De lêste Psy-Fi-edysje yn Ljouwert

meditearje op Psy-Fi - Foto: Ronnie Porte

Om in soad buertbewenners hie Psy-Fi net fuort hoegd. "We hawwe der gjin hinder fan hân. En it tal festivals kin op dit stuit wol troch de beugel", seit de famylje Jongbloed, dy't tsjinoer it festivalterrein wennet. Ek F. Aydogan fynt it spitich dat tsjinstanners fan Psy-Fi de striid winne. "Mensen zijn nooit tevreden. Dan willen ze activiteiten in de stad en nu moet Psy-Fi verdwijnen!"

Psy-Fi - Foto: Ronnie Porte
(advertinsje)
(advertinsje)