Ferkearsûngelok op drokke krusing yn Fryske Peallen

02 sep 2019 - 08:49

De helptsjinsten binne moandeitemoarn oproppen foar in ûngelok yn Fryske Peallen. Dêr kamen twa auto's mei-inoar yn botsing.

Foto: Srfotografie

Ien fan beide bestjoerders is behannele troch ambulânspersoniel. It ûngelok wie op de drokke krusing yn de rjochting fan Bakkefean. Beide auto's binne swier skansearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)