Kollum: "Ik moet effe op vakantie ouwe"

02 sep 2019 - 08:24

'Fryske rapper Remon makket kleurboek oer Nederlânske rappers.' Dat berjocht lies ik ferline wike op de Omrop-webside. In kleurboek oer rappers. Dat is as in ministek foar Hells Angels. It past net echt by elkoar. Rappers binne ommers fan dy opsketten jonges mei grutte kettings, earms fol tattoos, djoere auto's en neakene froulju. En dy figueren kinst dan mei dyn kleurpotleaden ynkleurje yn in kleurboek. Frjemde kombinaasje.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

En doe lies ik in eintsje fierderop yn it berjocht dat it kleurboek as doel hat om bern kreatyf te prikkeljen om se sa wat skiednis by te bringen. Doe waard it ferhaal noch nuverder. Want wa't goed nei in nûmer fan de hjoeddeistige rappers harket, sil dochs foaral hoopje dat syn bern dit stikje skiednis mar efkes oerslaan. Want leau my: it giet der soms mâl om wei.

Dit jier gongen wy op fakânsje nei België. Dat wie sa'n 3,5 oeren riden en spesjaal foar dit autoritsje makken wy mei ús allen in cd foar ûnderweis. Elkenien mocht in oantal nûmers kieze dy't der op kamen. It muzikale assortiment rûn útien fan de hardcore fersy fan Lief klein konijntje oant de karnavalskraker Ik heb aan je fiets gelikt. En der sieten ek in pear nûmers fan Nederlânske rappers tusken.

Lit my ris begjinne mei it nûmer 'Ik moet op vakantie ouwe' fan rapper Lil' Kleine. Dy titel heart noch frij ûnskuldich, mar neat is minder wier. It refrein giet sa:
Ik moet effe op vakantie ouwe
We zitten veels te vaak aan de drugs
Ik moet effe op vakantie ouwe
Ik chill hem veels te vaak met je zus

Giet noch wol, hear ik jim tinken. Mar harkje noch wat fierder en komst sinnen tsjin lykas:
Als ik met pensioen ga, wil ik zitten op een jacht
En de hele focking dag gepijpt worden

Just ja. En Lil' Kleine is net de iennige rapper mei bysûndere teksten. Sterker noch: it binne ek net allinnich manlike rappers dy't alles der mar útkrame. Ek Merol hat it oer 'Hou je bek en bef me'. En sa kin ik noch wol efkes trochgean. Mei oare wurden: in kleurboek fol mei dit soart figueren is no net it earste kadootsje dat yn my opkomt om oan de bern te jaan mei Sinteklaas.

Miskien stel ik my wol oan. Wy lústeren as bern ek nei nûmers dêr't bysûndere teksten yn foarkamen. 'Smack my bitch up' fan The Prodigy bygelyks. Dat fûn ik in fantastysk nûmer, mar gjin flau idee wêr't it eins om gong. Of it nûmer Schudden fan Def Rhymz, ek net it meast heechsteande tekstnivo. Mar it moaie is datst dêr as bern gjin idee fan hast. Sjongst it gewoan mei, sûnder der erch yn te hawwen dat it oer seks giet.

Underweis yn de auto ha wy elkoar foaryn in pear kear fernuvere oansjoen as der teksten foarby kamen dy't oer 'figuerseagjen' gongen, om de terminology fan kollega Willem Schoorstra mar te brûken. Op de achterbank sieten twa kopkes dy't strak op de iPads seagen. Totaal gjin idee fan de ynhâld fan de nûmers. En gjin benul fan de wurden dy't brûkt waarden.

Dat feroare lykwols doe't wy op de kamping kamen en der freontsjes makke waarden. Nei ôfrin fan de spûketocht kamen se entûsjast wer by de steancaravan mei ien brânende fraach: 'Hee mem, wat is in ferkrachter?'

(Advertinsje)
(Advertinsje)