Auto op 'e kop yn 'e sleat by Munnikebuorren

In autobestjoerder is sneintejûn mei de skrik frijkaam doe't er mei syn auto op 'e kop yn 'e sleat bedarre lâns de Grindwei yn Munnikebuorren. De man rekke mei syn auto yn de berm en belâne dêrnei yn it wetter. Hy wist sels út de auto te kommen en slagge der ek yn syn hûntsje út de auto te heljen. Nei it ûngelok rûn de man nei hûs, dêr't er de plysje belle.
© ProNews
Undertusken wiene der ek al omstanners dy't de auto yn de sleat lizzen seagen. Ferskate minsken bellen nei it alaarmnûmer 112 om it ûngelok te melden. Om der wis fan te wêzen oft der nimmen mear yn de auto siet, wiene der sels minsken dy't it wetter yngongen. De plysje koe harren gerêst stelle.