Jeugdsoarchwurkers lizze it wurk del: "Het is echt schandalig wat hier gebeurt"

Sa'n 100 Fryske jeugdhelpferlieners reizgje moandei ôf nei Den Haag, foar de grutte nasjonale staking foar bettere jeugdsoarch. De jeugdsoarchwurkers en de fakbûnen prate al hast trije jier mei minister Hugo de Jonge oer harren eask om 950 miljoen euro te ynvestearjen yn bettere soarch. Mar der sit gjin skot yn de saak. FNV-kaderlid Machiel Aarten fan it Regiecentrum Friesland, it eardere Bureau Jeugdzorg, makket him grutte soargen oer de jeugdsoarchkwaliteit. "Het is echt schandalig wat hier gebeurt."
Jeugdsoarchwurkers lizze it wurk del
It bart net faak dat jeugdsoarchwurkers harren wurk dellizze. It is dan ek fiif foar tolven, fynt Machiel Aarten. "Het feit dat jeugdzorg staakt, betekent dat de situatie ongelooflijk slecht is op dit moment. Bij de plannen voor het decentraliseren en overhevelen van de jeugdzorgtaken naar de gemeente, riepen wij al: dat gaat geld kosten. En dat blijkt nu wel. Maar in plaats van dat er geld bijkomt voor de gemeenten, moeten ze flink bezuinigen. Dat gaat niet. Daardoor komen jongeren in de problemen."

"Het is pappen en nathouden"

Dy problemen binne yntusken sa grut, dat it net langer sa trochgean kin. Fandêr dat de jeugdsoarchwurkers no harren wurk dellizze en nei Den Haag gean om fan harren hearre te litten. "Deze jongeren en gezinnen hebben specifieke hulp nodig, die op dit moment niet beschikbaar is", leit Aarten út. "Dat betekent dat ze op een wachtlijst komen die soms langer is dan anderhalf jaar. Met een beetje pappen en nat houden worden ze met vierderangs hulp geholpen. Er zijn daardoor veel hulpverleners die een andere baan zoeken, omdat ze niet de kwaliteit kunnen bieden die ze willen geven."

"De strijd wordt alleen maar harder"

As der neat feroaret, dan bliuwt it net by dizze staking. Aarten: "We hebben zo'n 20.000 mensen die in de jeugdzorg werken, waarvan er zo'n 4000 mensen in Den Haag zullen zijn. Deze acties zullen alleen maar groter worden als er niet naar ons geluisterd wordt. De strijd wordt alleen maar harder. Het is echt schandalig wat hier gebeurt. Voor ons is de rek er uit."
Machiel Aarten fan FNV
© Shutterstock.com
De Fryske jeugdsoarchwurkers fersammelen harren moandeitemoarn by de Tesselschadestraat yn Ljouwert. Teammanager Syta Talsma is ien fan harren en sit fol fjoer. "Wy stypje dizze aksje troch in bus te regeljen, sadat wy mei ús allen in sinjaal jaan kinne. Soms wurde jonge bern fan it iene plak nei it oare plak ferhûze, omdat wy se net foar langere tiid in fêst plak biede kinne. Mar wy sjogge ek dat der groepen sletten wurde, omdat der gjin personiel is. Dy bern komme op in wachtlist en sjochst dat it eskalearret. Dat is skrinend."

"It giet min mei de sektor"

Boppedat rint it wurk ek in soad meiwurkers oer de skuon, dy't op harren teannen rinne om alle drokte oan te kinnen. Talsma: "Wy sjogge dat de jeugdsoarch net langer in oantreklik berop is. Ek minsken mei ûnderfining hâlde op, omdat se gjin foldwaning mear helje út harren wurk. Njoggentich prosint fan de minsken yn ús sektor, sjocht om him hinne, omdat it net in prettige sektor is om yn te wurkjen."
Manager Syta Talsma