Twa minsken ferwûne by botsing op N355 by Ryptsjerk

01 sep 2019 - 21:52

By in ûngelok op de N355 by Ryptsjerk binne sneintejûn twa auto's op inoar botst. By it ûngelok binne twa minsken ferwûne rekke.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

By it ûngelok kaam in auto dy't út de rjochting fan Hurdegaryp rjochting Ljouwert ried yn botsing mei in auto dy't de krusing opkaam út Ryptsjerk wei yn de rjochting fan Tytsjerk.

Troch it ûngelok is de N355 tydlik ticht tusken Hurdegaryp en Ljouwert. Minsken dy't de oare kant op wolle, moatte omride. De brânwacht is oanwêzich en hat ien fan de slachtoffers út har auto helle mei nekletsel.

Ien fan de auto's soe troch read riden wêze.

Trefwurden: 
ûngelok N355 Ryptsjerk
(Advertinsje)
(Advertinsje)