Nije seizoen Boer Zoekt Vrouw set útein mei twa Fryske boeren

01 sep 2019 - 21:27

Der sitte twa Fryske boeren yn it nije seizoen fan Boer Zoekt Vrouw. Dat die sneintejûn bliken út de earste ôflevering fan it nije seizoen fan it populêre datingprogramma op NPO1. It giet om Frans út it noarden fan Fryslân en John út it suden fan Fryslân.

Foto: ANP

Yn totaal binne der sneintejûn tsien boeren foarsteld yn it programma. It giet om njoggen manlju en ien frou. Letter wurdt bekend hokker fiif boeren de measte brieven krigen ha. Sy wurde dan fierder folge yn harren syktocht nei de leafde. Dy ôfleveringen dêrfan binne dan fan jannewaris ôf te sjen.

Ik vond het steeds moeilijker om liefde te geven aan mijn vrouw.

Boer Frans siket in man yn syn libben

De earste Fryske boer dy't foarsteld waard yn it programma is de 51-jierrige Frans. Neffens it programma wennet hy yn it noarden fan Fryslân, dêr't hy in melkfeebedriuw hat. Ut in eardere relaasje hat Frans twa soannen, dy't by him op de buorkerij wenje.

Frans hat 13 jier troud west mei de mem fan syn bern, mar is yn it programma op syk nei in man. "Ik was er eerder niet aan toe om dat te uiten, nu wel", seit er yn it programma. Hy neamt syn syktocht nei in man "een nieuw begin", mar in saneamde 'gaydar' hat er net, seit er.

De twadde boer dy't út Fryslân komt is de 39-jierrige John. Hy hat ek in melkfeebedriuw, mei 115 kij. No't syn âlden net mear op de pleats wenje, siket hy in leuke frou yn syn libben. Neist syn boerewurk is hy trije dagen yn 'e wike aktyf as accountant. "Mar", seit er, "dat doe ik vooral voor mijn sociale contacten. Het is niet mijn droombaan. Ik ben altijd blij als ik weer naar huis naar de boerderij mag."

Hy hat besocht de leafde te finen troch op ynternet de datingsites ôf te strunen. "Maar als je dan een paar keer afgewezen wordt, dan hakt dat er wel in zeg maar." Dêrom besiket hy it no fia Boer Zoekt Vrouw. "Ik hoop dat een vrouw hier een hoop gezelligheid en wat leven in de brouwerij kan brengen. Samen wandelen of zo."

Briefskriuwers

De kommende twa wiken kin in brief skreaun wurde, dêrnei giet Yvon Jaspers wer by de boeren del.

Boer Remco wie der ferline jier samar út

Ferline jier soe der ien Fryske boer meidwaan oan it programma, boer Remco Aalbers út De Fochtel. Mar nei de foarstelronde die bliken dat hy hie him net oan de ôfspraken holden hie. De boer hie yn it foarjier op eigen houtsje al in frou fûn, en hie har frege om ek in brief te stjoeren nei it programma.

Neffens de programmamakkers moatte de sjoggers en dielnimmers 100% fertrouwe kinne op harren, en past dizze aksje fan boer Remco dêr net by. Oare froulju dy't oan Remco in brief stjoerd hiene, soene ommers gjin earlike kâns krije.

(Advertinsje)
(Advertinsje)