Abe Lenstra stadion hast útferkocht foar Oranje Liuwinnen

01 sep 2019 - 19:47

De fuotbalsters fan Oranje spylje tiisdei 3 septimber yn in hast útferkocht Abe Lenstra stadion tsjin Turkije. It is foar de Oranje Liuwinnen it twadde duel yn de EK-kwalifikaasje. Freed wiene se mei mar leafst 7-0 te sterk foar Estlân.

Abe Lenstra Stadion - Foto: ANP

It stadion fan SC Hearrenfean hat by ynterlânwedstriden plak foar 23.000 fans. Der binne op dit stuit al 21.000 kaarten ferkocht, sa seit it fuotbalbûn KNVB.

Nederlân sit yn in pûl mei Ruslân, Estlân, Kosovo, Turkije en Slovenië. Allinnich de winner fan de pûl pleatst him foar it Europeesk kampioenskip. Ek de nûmer twa makket dêr noch kâns op.

(Advertinsje)
(Advertinsje)