Marrit Jasper mei follybalsters nei kwartfinale Europeesk kampioenskip

01 sep 2019 - 18:05

De Nederlânske follybalfroulju, mei Marrit Jasper fan Snits, ha de kwartfinale helle op it Europeesk kampioenskip yn Hongarije. Yn de achtste finale wie Nederlân mei 25-21, 25-23 en 25-12 te sterk foar Grikelân. Jasper kaam in pear punten yn aksje yn it duel.

Foto: Omrop Fryslân

Grikelân is de nûmer 46 fan de wrâld mar koe dochs aardich meikomme mei Oranje. In écht gefaar waard de ploech net foar Marrit Jasper en de oare Oranje froulju.

De tsjinstanner yn de kwartfinale komt út it duel tusken Turkije en Kroäsië. De kwartfinale wurdt woansdei spile, hoe let is noch net dúdlik. De ôfrûne twa EK's pakte Nederlân it sulver.

Trefwurden: 
Marrit Jasper follybal EK
(Advertinsje)
(Advertinsje)