Fryske fytsers stelle teloar

08 jul 2012 - 18:17

De Fryske hurdfytsers hawwe yn de achtste Touretappe fan Belfort nei it Switserske Porrentruy tsjinfallend prestearre. Bauke Mollema en Pieter Weening sieten lang mei yn in groep fan foaren, mar moasten yn de einfaze ôfheakje. Weening kaam as nûmer 105 oer de einstreek, Mollema einige as 76e. Lieuwe Westra besocht yn it begjin fan de etappe te ûntsnappen, mar kaam net fuort. Westra einige as 152e.

De etappewinst wie foar de Frânsman Thibaut Pinot. Cadel Evans waard twadde, krekt foar Bradley Wiggins, dy't de giele trui behâldt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)