Ultrarinner Jelle Bijlsma rint 172 kilometer troch de Alpen yn 41 oeren

01 sep 2019 - 17:31

Ultrarinner Jelle Coen Bijlsma fan Gytsjerk hat dit wykein de Mont Blanc Trail rûn. Dat is in wedstriid by de ferneamde berch yn Frankryk. It is in tocht fan sa'n 172 kilometer. Wat de tocht ekstra swier makket, is dat der wol 11.000 hichtemeters makke wurde troch de dielnimmers. Oan de wedstriid diene 2.500 minsken út alderhande lannen mei.

Foto: Jelle Coen Bijlsma

De rûte begûn yn Frankryk yn Chamonix en gie fia Italië en dan nei Switserlân werom nei Chamonix. "Makkest dus echt in rûntsje oer de berch," sa seit Jelle Coen Bijllsma dy't úteinlik 41 oeren oer de tocht die.

Hy fielt him eins prima seit er. "Ik bin wat stiif, mar dat is normaal nei sa'n wedstriid. It giet oer ûnferhurde paden, dus in soarte fan geitepaden. En nachts rinst mei in lampe op, want it is hiel tsjuster fansels."

Jelle Coen Bijlsma oer syn meunstertocht

De 41-jierrige ultrarinner hat fjouwer jier mei de tocht dwaande west. Dielnimmers moatte har nammentlik kwalifisearje. Troch punten te sammeljen kinst dy kwalifisearje. "De tarieding is wol stevich. Ik ha noch noait safolle kilometer rûn as no en ik ha eins amper lêst. Om yn de bergen te oefenjen, ha ik al trije wiken mei myn famylje yn de Alpen west. Dan gie ik moarns om 5 oere in ein te draven."

'Ik wie fan doel om net te sliepen'

De start van de tocht is mei alle dielnimmers tagelyk, mar elk elk rint syn eigen tempo en hat stops op oare tiden. Dus soms rinst yn in groepke en soms allinnich. Jelle Coen hat hast non-stop oan it draven west. "Ik wie fan doel om net te sliepen, mar myn lichem joech oan dat ik wol rêste moast. Yn totaal ha ik fiif kear in oerke slept."

Foto: Jelle Coen Bijlsma

Underweis kin der fan alles barre lykas falpartijen. "Ik ha gelok hân, ik bin net ien kear fallen. Ik ha wolris in misstap makke oer in losse stien. Foaral nei ûnderen is it gefaarlik, want dan wolst safolle mooglik snelheid meitsje. Ik wie blykber wol skerp."

(advertinsje)
(advertinsje)