Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra winne keatsen yn Penjum

01 sep 2019 - 16:46

It partoer fan Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra hat de haadklassepartij yn Penjum wûn. Yn de finale wiene dizze keatsers mei 5-4 en 6-0 te sterk foar it partoer fan Menno van Zwieten, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra.

Foto: Henk Bootsma

De grutte favoryt yn Penjum, it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra, ferlear yn de heale finale fan it partoer fan Bauke Triemstra. Yn de oare heale finale pleatste it partoer fan Van Zwieten him foar de finale troch mei 5-3 en 6-0 te winnen fan Remmelt Bouma, Jelte Visser en Willem Heeringa.

Froulju keatse yn Damwâld

De froulju keatsen snein yn Damwâld. It partoer fan Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra wie yn de finale mei 5-1 en 6-2 te sterk foar it partoer fan Nynke Sijbrandij, Imke van der Leest en Marrit Zeinstra. De formaasje fan Tineke Dijkstra, Sandra Hofstra en Louise Krol giene yn Damwâld mei de tredde priis nei hûs.

(advertinsje)
(advertinsje)