Aletta Jorritsma wurdt tredde op WK yn B-finale mei froulju Holland Acht

01 sep 2019 - 16:13

Roeister Aletta Jorritsma fan Tsjummearum is snein tredde wurden yn de B-finale fan it WK roeien mei de froulju fan de Holland Acht. Yn it Eastenrykse Linz moast Nederlân Sina en Ruslân foar gean litte yn de B-finale. Nederlân finishe yn 6.19.15. It goud yn de A-finale gie nei Nij-Seelân, dy't in tiid fan 05.56.91 roeiden.

Foto: www.orange-pictures.nl

By de manlju pakte de Holland Acht sulver yn de A-finale, mar yn dy boat roeie gjin Friezen mei.

Trefwurden: 
roeien Aletta Jorritsma
(advertinsje)
(advertinsje)