Boazum wint yn Wommels

08 jul 2012 - 17:52

By de ôfdielingspartij yn Wommels wie de winst sneintemiddei foar de froulju fan Boazum. Nellie Rijpma, Nynke Sijbrandij en Wiljo Sijbrandij wienen mei 5-2 en 6-0 te sterk foar Ilse Tuinenga, Leonie van der Graaf en Harmke Siegersma fan Berltsum. De lytse preemje wie foar it partoer fan Bitgum.

De ôfdielingspartij wurdt sjoen as de generale repetysje foar it NK keatsen nije wike yn Grou. Ek dêr jildt Boazum as grutte favoryt foar de titel. Konkurrinsje sil foaral komme moatte fan Frjentsjer, Easterein, Berltsum en Grou.

Trefwurden: 
Wommels froulju keatsen
(Advertinsje)
(Advertinsje)