Doarpshûs De Terp yn Easternijtsjerk set yn op fernijing

01 sep 2019 - 15:53

Doarpshûs De Terp yn Easternijtsjerk set yn op fernijing. Dat seit André Beeksma, foarsitter fan it bestjoer fan it doarpshûs yn it doarp, snein yn it radioprogramma Buro de Vries.

Doarpshûs De Terp - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Sa'n 60 jier lyn begûn in stichting mei it plan om ta in doarpshûs, anneks gymseal te kommen. Dat is letter ek realisearre en útwreide, mar benammen it âldste part wurdt minder. Op dit stuit wurket de basisskoalle yn it doarp oan plannen foar in nij skoalgebou en it bestjoer fan it doarpshûs hat besocht dêr by oan te heakjen om ta in multyfunksjoneel sintrum te kommen.

Dat is lykwols net slagge. It bestjoer fan it doarpshûs set no yn op fernijing fan it besteande gebou om ek yn de takomst syn spilfunksje yn it doarp hâlde te kinnen.

Foarsitter André Beeksma oer de fernijingsplannen

Neffens foarsitter André Beeksma siket it bestjoer dêrta gearwurking mei tal fan partijen yn it doarp, lykas de skoalle by it opsetten fan in bernesintrum en de PKN-tsjerke foar bysûndere tsjinsten dêr't it sels de kapasiteit net foar hat.

Dêrnjonken soe in nije en gruttere sportseal fuotbalferiening Ropta Boys mooglikheden ta sealfuotbal jaan en soe der mear romte komme foar kulturele aktiviteiten. Foarsitter Beeksma die syn útspraken yn it radioprogramma Buro de Vries dat snein twa oeren live út it doarp kaam.

De doarren fan it Buro binne sneins oerdei iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûns kinne jo it programma nochris beharkje om 21.00 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)