Dit binne de kampioenen fan it NK fierljeppen yn Zegveld

01 sep 2019 - 15:32

It NK fierljeppen yn Zegveld is in grutte oerwinning wurden foar de Hollanners. Fjouwer fan de fiif gouden medaljes giene sneon nei ljeppers fan de Polsstok Bond Holland. Allinnich Femke Rispens wûn goud foar Fryslân. De ljepster út Grinslân springt foar Gryptsjerk en wûn by de famkes. Alle oare titels, de senioaren, de junioaren, de froulju en de jonges giene nei de ôfdieling Polsbroekerdam.

Foto: Martin de Jong

Rian Baas ferrast mei goud

De haadpriis by de senioaren gie ferrassend nei Rian Baas. Mei 21.27 m troeve hy alle favoriten ôf, ynklusyf topfavoryt Jaco de Groot dy't mei 20.93 m twadde waard. Wilco van Amerongen pakte it brûns mei 20.48 m.

Frysk kampioen Nard Brandsma like de winnende sprong te meitsjen, mar in misgreep yn de top smiet him werom nei it fiifde plak (19.85), achter Freark Kramer (20.23)

Ynterview Rian Baas NK

Stunt Helmes by de froulju

Wendy Helmes soarge foar in daverjende ferrassing troch de titel te winnen by de froulju. De âld-kampioene fan 2006 ljepte 13 jier letter wer nei goud mei in sprong fan 16.43 meter, in NK-rekôr. Dymphie Baas-van Rooijen waard twadde (16.21) en Marrit van der Wal moast tefreden wêze mei brûns (15.96)

Ynterview Wendy Helmes NK

Junior Nauta pakt sulver mei gouden râne

De haadpriis by de junioaren gie nei topfavoryt Reinier Overbeek. De Nederlânsk rekôrhâlder (21.38) kaam yn Zegveld ta 20.45 meter en ferbettere dêrmei it NK-rekôr fan Freark Kramer mei ien sintimeter.

Mar de grutte sensaasje wie Wietse Nauta út Drylts. Yn syn alderlêste sprong ferpulvere hy syn pr fan 19.19 m en ljepte nei 20.37 m. In flinke nije PR en goed foar in prachtige sulveren medalje, flak achter Overbeek. Daniël Cluistra waard tredde mei 18.71 m.

Ynterview Reinier Overbeek NK

Grinzer Femke Rispens hâldt Fryske eare heech

By de famkes giet it goud nei topfavorite Femke Rispens. De ljepster út Niehove, dy't by Gryptsjerk springt, kaam ta 15.07 m en bleau sa Sanne Mulder (14.79) út Vlist foar. Lisse van der Knaap út Drylts pakte knap de brûnzen medalje (14.49)

Ynterview Femke Rispens NK

Jong talint pakt jongestitel

It goud by jonges gie ferrassend nei de 13-jierrige Roy Velis út Benschop. Mei in nij PR fan 18.50 meter kaapte hy de titel foar de noas fan favoryt Rutger Haanstra wei. De Heidenskipper wûn sulver mei 18.10 m. It brûns gie nei Peter Faber út Oldehove. Hy ljept by Gryptsjerk en bekroant in sterk seizoen mei PR fan 17.99 meter.

Ynterview jonges NK

Trefwurden: 
fierljeppen NK Zegveld
(Advertinsje)
(Advertinsje)