Berber Vonk slút EK skeelerjen ôf mei sechsde plak op de maraton

Berber Vonk fan Appelskea hat it EK skeelerjen sneintemoarn ôfsletten mei in sechsde plak op de maraton. De winst gie nei Maialen Onate út Spanje. It sulver wie foar de Frânske Pouydebat, it brûns gie nei Hofmann út Dútslân.
© ANP
By de manlju wie der in santjinde plak foar Ruurd Dijkstra fan Nijeholtwâlde. It goud gie nei Felix Rijhnen út Dútslân, dy't de Portugees Marreiros en de Spanjert Peula foarbleau.