Van Althuis kening yn Boalsert

08 jul 2012 - 17:40

De achtste frije formaasjepartij yn Boalsert is snein wûn troch it partoer fan Pieter van Althuis, Michel van der Veen en Hans Wassenaar. Yn de finale wûn it trio mei 5-3 en 6-2 fan Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Pier Piersma. Yn de twadde omloop wie it partoer Van Althuis mei 5-3 en 6-6 te sterk foar Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger.

De lytse preemje wie foar Dirk-Yde Sjaarda, Hendrik Bouwhuis en Jouke Bosje. Pieter van Althuis waard útroppen ta kening.

Trefwurden: 
Boalsert keatsen
(Advertinsje)
(Advertinsje)