Sander Arends wint Rafa Nadal Open

Tennisser Sander Arends hat, tegearre mei syn dûbeldmaat David Pel, it Rafa Nadal Open op Mallorca wûn. Op it Spaanske eilân wie it Nederlânske koppel mei 7-5 en 6-4 te sterk foar Karol Drzewiecki en Szymon Walkow út Poalen.
© Frans Arends
Arends en Pel wiene as earste pleatst op it challengertoernoai yn Spanje. Dy pleatsing makken se wier, it duo ferlear gjin set yn it toernoai. Ek tsjin de Poalen hiene de Nederlanners yn de finale oan twa breaks genôch.
It is foar Arends en Pel alwer de tredde toernoaiwinst yn de lêste fjouwer toernoaien. Troch de oerwinning op Mallorca komt de Ljouwerter tennisser no út op plak 86 fan de wrâldranglist. Syn maat David Pel stiet foar it earst yn syn karriêre yn de top-100, hy komt troch de winst út op it 95e plak.
© Frans Arends