Facebook fan SC Hearrenfean 'ûntploft' yn Fjetnam

SC Hearrenfean is ynienen 'hot' yn Fjetnam. Nei de befêstiging fan de transfer fan de Fjetnamees Doan Van Hao fan Hanoi FC nei It Fean is de Facebookside fan de Fryske fuotbalklup mei tweintich prosint groeid.
Reaksjes op in post op de Facebookpagina fan SC Hearrenfean © Facebook, SC Heerenveen
Dat komt del op sirka 15.000 fans út Fjetnam. Stie de teller sneontemiddei op 77.000 likes, sneintemoarn wie dat al 92.000.
Sportklup Hearrenfean hiert de 20-jierrige linksback dit seizoen fan Hanoi FC. Dêrmei hat de klup in primeur te pakken. Nea earder spile in fuotballer út Fjetnam yn Nederlân.
© Instagram, Doan Van Hau
Hanoi FC waard yn 2006 oprjochte en komt sûnt 2010 yn aksje op it heechste nivo. Se waarden fjouwer kear kampioen en stean healweis de kompetysje earste.
Doan Van Hau hat 649.000 folgers op Instagram. SC Hearrenfean hat 'mar' 39.000.