Man út Antwerpen oanholden foar mishanneling yn Wolvegea

01 sep 2019 - 10:33

In man fan 23 jier út Antwerpen is sneon oanholden troch de plysje fanwege mishanneling. Hy soe yn it sintrum fan Wolvegea ien in klap jûn hawwe. De man hearde by in groep fuotbalsupporters, dy't ûnderweis wie nei it fuotbalstadion op It Hearrenfean foar de wedstriid tsjin Fortuna Sittard.

Foto: ProNews

By it kafee yn Wolvegea stiene de plysjeminsken klear mei hynders en hûnen. Se hienen op basis fan it sinjalemint de man op it each dy't dêr op in terras siet.

Dochs hat de plysje net dêr yngrepen, mar it buske mei de supporters pas ûnderweis nei It Hearrenfean stilset by in tankstasjon lâns de A32. Dêr is de fertochte oanholden en oerbrocht nei it plysjeburo. Der komt ûndersyk nei de mishanneling, it slachtoffer docht oanjefte.

De grutte plysjemacht yn Wolvegea en it leven fan de supporters luts in soad oandacht fan foarbygongers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)