IepenUp Live begjint wer: Jenny Douwes byt spits ôf

04 sep 2019 - 10:35

De skoallen binne wer begûn, tal fan fertroude, en ek nije, programma's komme wer op telefyzje en Omrop Fryslân begjint kommende woansdei wer mei de wyklikse talkshow IepenUp Live, yn gearwurking mei Neushoorn.

Foto: Omrop Fryslân

Alle wiken stiet in oar ûnderwerp oer aktuele fraachstikken, frijheid en demokrasy sintraal yn IepenUP Live.

Op 4 septimber is de earste útstjoering fan IepenUP Live mei dêryn Jenny Douwes. Se waard bekend as frontfrou fan de 'blokkearfriezen' en as wurdfierder fan dy groep aksjefierders foar Swarte Pyt groeide Jenny út ta in nasjonale bekendheid.

Se sil yngean op de gefolgen dy't har rol as aksjefierder hat op har libben as mem en ûndernimmer.

Foto: Omrop Fryslân

Tal fan nijsgjirrige ûnderwerpen steane fierder op it programma, lykas: op syk nei demokrasy (11 septimber), wat docht Tinder mei dyn brein (18 septimber), broedplakken, wêrom eins? (25 septimber), Wij Vikingen (16 oktober), Cute overload (23 oktober), de grutte foaroardiele-show (30 oktober), Maria Alyokhina fan Pussy Riot, de Russyske, feministyske, politike punkrockband (25 novimber), hoe gay is fuotbal? (11 desimber) en en it wurdt suver al in tradysje: de grutte Liwwadder krystshow (18 desimber).

IepenUP Live is fan woansdei 4 septimber ôf alle woansdeis om 20.00 oere yn it kafee fan poppoadium Neushoorn en is live online te folgjen fia Omropfryslan.nl, de Omrop-app en de Facebookpagina's fan iepenUP en Omrop Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)