Premjêre fan Jorwerter iepenloftspul is om tonger dei ferskood

01 sep 2019 - 09:14

De premjêre fan it iepenloftspul fan Jorwert, 'Stjer yn it tsjuster', is sneontejûn net trochgien, yn ferbân mei tongerbuien. De premjêre is no dizze sneintejûn.

Dirigent Jorrit Laverman hat byrol as dirigent - Foto: Omrop Fryslân

"Wy hawwe altyd de yntinsje om te spyljen, ek mei in bytsje rein. Lykwols mei de kâns op tonger kinne wy gjin risiko nimme," sa ljochte de organisaasje dat beslút ta.

Snein 1 septimber wie al de reservedatum. Dochs bestiet der de mooglikheid foar minsken om de kaarten om te ruiljen. Dat kin op de webside.

'Stjer yn it tsjuster' wurdt yn Jorwert opfierd oant en mei 28 septimber.

(advertinsje)
(advertinsje)