Meditearje yn plak fan demonstrearje by Psy-Fi

01 sep 2019 - 09:02

De organisaasje fan it festival Psy-Fi yn Ljouwert hâldt sneintemiddei in grutte meditaasjesessy by it haadpoadium op it terrein.

Foto: Omrop Fryslân

Dêrta hat it team fan Psy-Fi besletten nei't der geruchten wienen dat guon besikers demonstrearje woenen by it hûs fan Theo van Gelder. Hy is de man fan Groene Ster Duurzaam dy't tal fan rjochtsaken tsjin de fergunningen fan it festival yn gong sette. En neffens de organisaasje derfoar soarge hat dat dit de lêste kear is dat Psy-Fi yn it Griene Stjergebiet hâlden wurdt.

De organisaasje freget de festivalgongers mei klam om net te demonstrearjen. It soe it festival mear kwea as goed dwaan. Mei de meditaasje is it doel om positive gefoelens te stjoeren. Leafde is de driuwfear en net haat. "We are the love tribe" skriuwe se.

Snein is de lêste dei fan it dûns- en muzykfestival dat besikers út de hiele wrâld lûkt.

(advertinsje)
(advertinsje)