Wêr moatst wêze? Jonge Ljouwerters jouwe tips yn fernijde kaart USE-IT

Ljouwert krijt in nije plattegrûn: USE-IT. In kaart dy't spesjaal foar jonge reizgers bedoeld is mei allegearre tips. It giet om in fernijde ferzje fan de earste edysje dy't ein 2017 ferskynde.
© Omrop Fryslân
It konsept fan de kaart is: no-nonsens, up-to-date, fergees en net-kommersjeel. De kaarten wurde troch hiel Europa makke, sa binne der ek edysjes fan Praag, Oslo, Brussel en Ljubljana.
Lokale jongeren jouwe tips oan reizgers, plakken dy't sy leuk fine en de muoite wurdich. Om't leeftiidsgenoaten dat dogge, is it krekt oft in freon dy meinimt troch de stêd. Op de kaart steane tips foar pop-up projekten, reizgjende eksposysjeromtes, undergroundfeestjes, mar ek de 'gewoane' bekendere musea, winkels, terraskes en restaurants.
De kaart wurdt dizze snein om 16.00 oere presintearre en is op ferskate plakken yn de stêd te krijen. Der is ek in app.