Frysk poadium Solar Challenge

08 jul 2012 - 17:29

Snein waard yn de Prinsetûn yn Ljouwert de ôfrtraap jûn foar de fjirde edysje fan de Frisian Solar Challenge. Om it publyk in demonstraasje te jaan fan de sinneboaten kamen de teams de middeis yn aksje tidens de sprintwedstriid.
Bewolking soarge derfoar dat de dielnimmers net harren topsnelheid behelje koenen. De sprint waard úteinlik wûn troch it Private Energy Solar Team út Ljouwert. Twadde waard it Balkster Andela Solar Team, folge troch Solarteam ROC Friese Poort út Snits.

De dielnimmers oan de Frisian Solar Challenge farre nije wike yn fjouwer etappes de rûte lâns de Fryske alvestêden. Moandei fart de float besteande út 40 nasjonale en ynternasjonale teams om 10.00 oere út de Prinsetún nei de earste einbestimming Sleat.

Trefwurden: 
Frisian Solar Challenge
(Advertinsje)
(Advertinsje)