SC Hearrenfean en SC Cambuur lotsje amateurklups yn beker

31 aug 2019 - 22:23

Sportklup Hearrenfean spilet yn de earste ronde fan it bekertoernoai in útwedstriid. Dat die sneon bliken út de lotting. De Feansters moatte it opnimme tsjin Excelsior Maassluis. Sportklup Cambuur spilet ek in útwedstriid yn it bekertoernoai.

Foto: ANP

De tsjinstanner fan Cambuur is noch net bekend. Dêrfoar moat Goes it earst opnimme tsjin Silvolde. De winner nimt it dan thús op tsjin Cambuur.

Ek Harkemase Boys moat earst noch in kwalifikaasjeronde spylje. Dat dogge se út tsjin Scheveningen. By winst folget dan in thúswedstriid op De Bosk tsjin profklup FC Grins. Harkemase Boys pleatste him foar de twadde kwalifikaasjeronde troch twa wiken lyn mei 4-2 te winnen op besite by VVSB.

De presize data fan de wedstriden binne noch net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)