"Dit voelt als een nederlaag, omdat je jezelf niet beloont"

31 aug 2019 - 21:52

Sportklup Hearrenfean spile sneontejûn mei 1-1 gelyk tsjin Fortuna Sittard. De ploech fan trainer Johnny Jansen kaam op efterstân troch in doelpunt fan Felix Passlack. Troch in benutte strafskop fan Jens Odgaard waard it gelyk. Hearrenfean wie de sterkere ploech, mar de winst siet der net yn foar de thúsploech.

Trainer Johnny Jansen wie nei ôfrin min te sprekken oer it lykspul: "Dit is gewoon balen man. Dit voelt als een nederlaag, omdat je jezelf niet beloont. Ik zie dat we voetballend, en ook verdedigend, stappen maken dan moet je daarin jezelf belonen en dat hebben we niet gedaan."

Hearrenfean hat no seis punten út fiif wedstriden. Jansen seach dat syn ploech genôch kânsen krige, mar net genôch skoarde. "Als Ejuke naar de goal gaat, en je denkt dat hij hem gaat afleggen, en dan zakt hij ineens bijna door zijn hoeven. Dat je denkt, hoe kan dat nou? Of Jens die een bal bijna het stadion uitschiet, dat je denkt, hoe kan dat nou? Ik denk dat ze misschien wel te graag willen."

Hearrenfean hie yn de twadde helte miskien wol in strafskop ha moatten doe't Ioannidis Odgaard oan syn shirt luts. "Ik voel me op dat soort momenten altijd ongemakkelijk. Ik wil op dat soort momenten het veld in stappen en vragen, wat doe je nou eigenlijk? Maar ik moet mijn ploeg helpen. Dan kun je wel tegen de vierde man gaan schreeuwen, waarom we geen penalty krijgen, maar hij geeft hem niet. That's it. Dan moet ik me druk maken om mijn elftal. Maar soms voelt dat wel onmachtig hoor."

Spits Jens Odgaard, dy't ien kear skoarde mar kânsen hie op mear, is nei ôfrin fan de wedstriid net bliid mei it punt. "Hjoed moatte wy de wedstriid gewoan winne. Wy hiene genôch kânsen, mar we moatte se wol ôfmeitsje. We hiene der wol fjouwer meitsje kinnen, ik stean hjir net mei in goed gefoel."

Sels skeat Odgaard dus de 1-1 binnen fanôf de stip: "Ik fiel op dat momint gjin druk. Do moast gewoan tinke dasto dy goal makkest. Ik bliuw gewoan rêstich, mear moatst net dwaan."

Mark Diemers fan Fortuna Sittard, dy't in ferline hat by SC Cambuur, is bliid mei it punt dat syn ploech oerhâldt oan it duel tsjin Hearrenfean. "Ik denk een onterecht punt. Maar we hebben er heel hard voor gevochten. Heerenveen was beter, heeft meer kwaliteit en dat zie je ook. Maar we hebben wel standgehouden."

De ôfrûne tiid wie der út East-Europa wei genôch ynteresse yn Diemers. Sa wie it Roemeenske Cluj al rûn mei Fortuna foar in transfersom fan 2 miljoen euro, mar dêroer seit Diemers dat hy net foar it jild kiest: "Ze boden veel poen, maar ik heb nu nog andere plannen. Als ik zo doorga als ik nu doe, denk ik dat ik die plannen ga bereiken. Als er iets moois uit Spanje, Italië, Engeland of Duitsland komt, daar wil ik graag naartoe. Als dat niet komt, blijf ik met alle plezier hier nog een jaar voetballen. Ik heb het hier naar mijn zin."

(Advertinsje)
(Advertinsje)