Dei fiif fan it EK skeelerjen bringt Friezen gjin medaljes

31 aug 2019 - 20:55

Ek op dei fiif fan it EK skeelerjen yn Eastenryk ha de Friezen gjin medalje wûn. Lykas freed wie Moniek Klijnstra fan Sint-Jânsgea noch it tichtsteby. Sy waard sechsde by it ûnderdiel one lap.

Foto: Neeke Smit / Timsimaging.nl

By dat ûnderdiel giet it derom dast sa rap mooglik ien rûntsje makkest. Klijnstra helle dêryn de heale finale, maar waard dêryn útskeakele. Yn de B-finale pakte se in sechsde plakje. Maya de Jong fan Haulerwyk waard santjinde.

Sneontejûn kamen ek Berber Vonk en Ruurd Dijkstra noch yn aksje op de 15.000 meter ôffalrace. Vonk waard sânde yn de race by de froulju, by de manlju siet der foar Dijkstra net mear yn as in fjirtjinde plak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)