Hearrenfean lit twa punten lizze yn oantreklik thúsduel tsjin Fortuna Sittard

31 aug 2019 - 20:27

Sportklup Hearrenfean hat twa punten lizzen litte yn it thúsduel mei Fortuna Sittard. It waard nei in oantreklik duel úteinlik 1-1. De Feansters wiene de bettere ploech, mar koene it oerwicht net omsette yn trije punten.

Foto: www.orange-pictures.nl

Yn it begjin fan de wedstriid besocht Hearrenfean it spul te meitsjen. Fortuna loerde ûndertusken mear op de counter. De earste kânsen wiene foar de thúsploech, mar Odgaard en Bruijn slaggen der net yn it doelpunt te meitsjen.

Oan de oare kant fan it fjild wie it dêrnei wol raak. Ut in rappe tsjinoanfal dy't troch de Fortunezen goed útspile waard skoarde Felix Passlack út in foarset fan Damascan. Dyselde Damascan moast efkes letter it fjild ferlitte mei in knibbelblessuere.

Hearrenfean werom yn de wedstriid

Nei in goed heal oere wist ek Hearrenfean it net te finen. Jordy Bruin seach brea yn in lange bal fan Ibrahim Dresevic, mar koe der net by omt Essers in oertrêding makke. Skiedsrjochter Van der Graaf lei de bal op de stip en Jens Odgaard koe sa de lykmakker tsjin de touwen sjitte. 1-1 wie ek de stân by it skoft.

Yn de twadde helte groeide Alexei Koselev út ta de held fan Sittard. Yn it earste kertier brocht hy rêding op kânsen fan Bruijn en Odgaard. Efkes letter krige Odgaard in hiele grutte mooglikheid wêrby't hy Koselev al foarby wie. Spitigernôch foar de Feansters kopte ferdigener Ninaj de bal op spektakulêre wize út de goal.

Knotsgekke slotfaze

Fortuna gie foarsichtich op syk nei de winst, mar seach Hearrenfean in pear kear it fjild oer dinderjen mei in snelle útbraak. Benammen Ejuke krige in pear goede kânsen, mar hy gie somtiden tefolle foar eigen sukses.

Hearrenfean gie dêrnei fanatyk op syk nei de winst, en wie hiel tichteby doe't Botman ynkoppe koe. Syn kopbal waard knap út de goal hâlden troch Koselev. Der folge in knotsgekke slotfaze wêryn''t it hiele Abe Lenstra stadion in penalty woe doe't de enerzjike Odgaard oan syn shirt lutsen waard troch Ioannidis. Skiedsrjochter Van der Graaf en de VAR woene der allinnich neat fan witte.

Fiif minuten foar tiid rekke Hearrenfean Ejuke kwyt mei in blessuere. It publyk fan Hearrenfean rôp dêrnei manmachtich om 'alles of niets' doe't der mar leafst acht minuten blessueretiid bykamen.

Odgaard, Van der Heide en Van Bergen krigen allegear noch grutte kânsen wylst ferdigener Ninaj fan Fortuna hast yn eigen goal kopte. Mear as in puntsje siet der foar de ploech fan Johnny Jansen net mear yn, dêr't Joey Veerman en Anders Dreyer harren debút makken yn de twadde helte.

SC Hearrenfean - Fortuna Sittard 1-1 (1-1) 23. Felix Passlack 0-1, 36. Jens Odgaard 1-1.

Opstelling Hearrenfean: Hahn, Floranus, Dresevic, Botman, Woudenberg, Bruijn (63/Veerman), Faik, Kongolo (69/Dreyer), Ejuke (84/Van der Heide), Odgaard, Van Bergen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)