Anne Tauber sânde op wrâldkampioenskip mountainbike

31 aug 2019 - 19:48

Op it WK Mountainbike yn Kanada is Anne Tauber út Oranjewâld sânde wurden. Healwei de wedstriid, dy't hast oardel oere duorre, gie Tauber it duel oan foar it brûns, mar spitigernôch slagge dat net. De winst gie nei Pauline Ferrand-Prévot út Frankryk.

Foto: ANP

Yn it begjin fan de wedstriid wie Anne Tauber foaryn de wedstriid te sjen. Wylst Jolanda Neff op kop fytste, wie it Tauber dy't tichtby de medaljes op it fjirde plak de earste rûndes trochkaam. Achter Tauber wie it Anne Terpstra, in oare Nederlanner, dy't op plak fiif lei.

Stride foar brûns

Efkes letter waard dúdlik dat de striid om it goud gean soe tusken Ferrand-Prévot út Frankryk en McConnell út Australië. Neff wie werom fallen nei tredde plak, mar dêrachter wiene it Tauber en Terpstra dy't besochten tegearre tichterby it brûns te kommen.

Tsjin de ein fan de wedstriid waard dúdlik dat it poadium net helber wie foar de Nederlânske froulju. Neff slagge deryn noch nei it twadde plak te fytsen, it brûns gie nei McConnell.

Yn de lêste omloop fan it swiere parkoers yn Kanada wie it úteinlik Anne Terpstra dy't fjirde waard, wylst Tauber har ynspanningen bekeapje moast en sânde waard.

Trefwurden: 
WK Anne Tauber mountainbike
(Advertinsje)
(Advertinsje)