Johannes Rypma seit JA tsjin syn grutte leafde Carmen

31 aug 2019 - 19:03

Johannes Rypma is freed yn it houliksboatsje stapt. De sjonger joech syn ja-wurd oan syn freondin Carmen. It houlik fûn plak op in pleats op Wolsumerketting.

Foto: Jitske van der Gaast

Rypma wie ferline jier al op syn knibbels gien om syn freondinne te freegjen. Dat oansyk wie neffens de sjonger 'neat spesjaals' mar dochs wie se totaal ferrast doe't Johannes op syn knibbels gie.

Johannes Rypma oer de moaiste dei fan syn libben

De trouwerij fûn plak op in pleats yn it doarp dy't fan famylje fan Johannes is. "We ha dêr fannewike de hiele wike oan it opbouwen west. Aanst sille we mei de maten wer opromje."

Ferrassing yn de houliksnacht

Dy maten hiene ôfrûne nacht noch wol in ferrassing foar Rypma en syn frou betocht. "It wie grut feest. We kamen fannacht om in oer as fjouwer by de doar. Dêr troffen we in geitebokje yn de tún. Dat koene wy al fan fier rûke." It bokje is no fan Johannes en Carmen, mar eins moat hy der neat fan witte. "Us hûn kin de bok net sa ha, dus we moatte eins sa gau as mooglik fan dat bist ôf. We ha ek net in tún foar in geit."

Oer de rest fan de houliksnacht sels wol Rypma net tefolle oer kwyt. "Mar we ha him wol folbrocht sil ik mar sizze," sa laket de sjonger.

Trefwurden: 
Johannes Rypma
(Advertinsje)
(Advertinsje)