Formule 2 race op Spa-Francorchamps staakt nei swier ûngelok

31 aug 2019 - 18:18

De Formule 2 race op it sirkwy fan Spa-Francorchamps yn België is sneontemiddei staakt nei in swier ûngelok. Yn de twadde ronde wie der in grutte crash yn de wedstriid. Dêrby foel ien deade. Oan de race die ek Nyck de Vries fan Twellingea mei.

Foto: www.orange-pictures.nl

De auto's fan de Amerikaan Juan Manuel Correa en Anthoine Hubert crashten hurd. De auto fan Hubert bruts dêrby troch midden, wylst de auto fan Correa ûndersteboppe op it asfalt telâne kaam. Letter waard bekend makke dat Hubert letter oan syn ferwûnings ferstoarn is.

De race fan sneontemiddei waard net herstart. De sprintrace dy't foar sneintemiddei op it program stie, giet net troch.

Trefwurden: 
Formule 2 Nyck de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)