Friezen pakke gjin titel op NK Fierljeppen

De Fryske fierljeppers ha sneontemiddei gjin titel pakt op it NK Fierljeppen yn Zegveld. Alle titels giene nei ljeppers fan bûten de provinsje. Femke Rispens, dy't yn Grinslân wennet, wie it iennichste lid fan it Frysk Ljeppers Boun dy't in titel pakte.
Winnende sprong op it NK fierljeppen
De titel by de manlju gie nei Rian Baas út Utrecht. Hy sprong yn syn twadde sprong nei 21.27 meter. Dêrmei wie hy de iennichste ljepper boppe de 21 meter. De oare ljeppers kamen dêr yn it ferfolch fan de wedstriid net mear oan. It twadde plak wie foar de grutte favoryt Jaco de Groot (20.93), tredde waard Wilco van Amerongen (20.48). De bêste Fries wie Freark Kramer fan It Heidenskip, dy't nei 20.23 ljepte.
By de froulju wie Marrit van der Wal fan It Heidenskip de grutte favoryt. In pear wike lyn ljepte sy noch nei in nij wrâldrekôr ta. Sneon kaam se in bytsje teloarstellend net fierder dan it tredde plak mei 15.96 meter. De winst gie nei Wendy Helmes (16.43), it sulver wie foar Dymphie Baas (16.21)
© Martin de Jong

Famke út Grinslân hâldt Fryske eare heech

By de junioaren moast Wietse Nauta fan Drylts it earste plak oan Reinier Overbeek litte. Nauta ljepte mei syn lêste sprong nei 20.37 meter, mar dat wie krekt net genôch om oer de 20.45 fan Overbeek te gean. It tredde plak gie nei Daniel Cluistra dy't net fierder kaam as 18.71.
By de jonges gie de winst nei Roy Velis (18.50). Hy ljepte fierder as Rutger Haanstra fan It Heidenskip (18.10) en Peter Faber (17.99).
De iennichste titel foar it Frysk ljeppersbûn wie foar Femke Rispens, dy't wennet yn it Grinzer Niehove. Mei 15.07 ljepte sy fierder as Suzanne Mulder (14.79) en Lisse van der Knaap fan Drylts (14.49).
© Martin de Jong