10.000 besikers foar IDS!-tentoanstelling yn Obe

31 aug 2019 - 17:01

De bysûndere útstalling fan Tresoar yn it gebou Obe op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert mei wurk fan keunstner Ids Willemsma hat sneontemoarn har 10.000ste besiker op besite krigen. De tentoanstelling is noch oant en mei snein te sjen.

Foto: Hindirk Schotanus / Facebook

Yn de útstalling binne de skaalmodellen fan de grutte keunstwurken fan Ids Willemsma (1949) te sjen. It binne de earste ûntwerpen fan de grutte lânskipskeunstwurken dy't Willemsma makke hat. Bygelyks de timpel op de seedyk by Marrum, mar dan in heale meter heech. It is foar it earst dat de Fryske keunstner syn skaalmodellen sjen lit oan it publyk.

De blommen foar de 10.000ste besiker giene nei Kasia Sikorska (links op de foto) út it Poalske Warschau en Hendrika Duursma (mei blommen) uit Koarnjum. Ek krigen beide froulju noch in lyts keunstwurk fan Ids Willemsma.

FryslânDOK stjoert op 21 en 22 septimber in portret út fan keunstner Ids Willemsma by Omrop Fryslân op telefyzje.

(advertinsje)
(advertinsje)