Keeper Erick Jansema pakt trije punten foar Harkemase Boys

31 aug 2019 - 16:49

Harkemase Boys hat sneontemiddei mei 1-0 wûn op besite by Lisse. Yn de blessueretiid fan de twadde helte pakte keeper Erick Jansema fan Harkemase Boys noch in penalty. Dêrtroch wie Henny Bouius matchwinner mei syn doelpunt.

Foto: www.orange-pictures.nl

Harkemase Boys tocht in goede start te meitsjen tsjin Lisse. Nei tsien minuten like it derop dat Henny Bouius fanút in hoekskop de bal oer de line kopte, mar de skiedsrjochter woe der neat fan witte.

It spul golve op en del yn de earste helte, wêrby't de keepers it drok krigen. Erick Jansema fan Harkemase Boys koe syn goal skjin hâlde en ek Erik Cummins, de keeper fan Lisse mei in ferline by SC Cambuur, hâld de 0-0 op it boerd by it skoft.

Erick Jansema held fan Harkema

Yn de twadde helte pakte Harkemase Boys wol in bliksemstart. Yn de earste minút nei it skoft koe Beimers foarsette fan de rjochterkant wêrnei't Henny Bouius der 1-0 fan meitsje koe. Lisse besocht dêrnei út alle macht de lykmakker te meitsjen, mar nettsjinsteande in pear grutte kânsen like it derop dat de bal der net yn woe foar de thúsploech.

Dochs seach it dernei út dat der in lykspul út de bus komme soe foar Harkemase Boys, want yn de twadde minút fan de blessueretiid krige Lisse in strafskop. Keeper Erick Jansema waard op dat momint de grutte held fan Harkema troch de penalty tsjin te hâlden.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys Lisse
(Advertinsje)
(Advertinsje)