VV Bûtenpost pakt knap punt op besite yn Assen

VV Bûtenpost hat oan de earste kompetysjewedstriid fan dit seizoen in punt oerhâlden. Yn Assen waard it tsjin ACV knap 1-1.
© www.orange-pictures.nl
Yn it earste kertier gie der by beide teams in soad mis. Dêrnei krige Marco van der Heide, de spits fan ACV mei in ferline by SC Cambuur, in pear goede kânsen. Omt it waarm wie yn Assen fûn de skiedsrjochter it healwei de earste helte tiid foar in drinkpauze.
In pear minuten nei de drinkpauze kaam Bûtenpost ferrassend op foarsprong. Rik Weening joech de assist op Rob Dijkstra, dy't de 1-0 makke. Dat wie ek de stân by it skoft

ACV pakt punt

Nei it skoft kaam ACV rap op 1-1. Oanfaller Marco van der Heide makke fan tichtby gelyk. De ploech út Assen besocht dêrnei troch te drukken, mar dat betsjutte dat der ek romte kaam foar Bûtenpost. Sa kopte Rob Dijkstra op de latte en ek Rolf Dijk krige in goede kâns. Oan de oare kant wie Marco van der Heide noch tichtby it winnende doelpunt, mar úteinlik wie 1-1 de einstân.