Kilometers file troch ûngelok op A6

31 aug 2019 - 15:17

Der stiet sneontemiddei in grutte file op de A6. Dêr is in ûngelok bard yn de rjochting fan De Jouwer nei De Lemmer. In auto is tsjin de fangrail botst en dêrnei kantele.

Foto: De Vries Media

Helptsjinsten binne oanwêzich, it is noch net dúdlik oft der ek minsken ferwûne rekke binne. It ferkear op de A6 moat rekken hâlde mei fertraging. Ien rydstrook is ôfsletten en de file is in pear kilometer lang. Oer de oarsaak fan it ûngelok is noch neat bekend.

Trefwurden: 
ûngelok A6
(advertinsje)
(advertinsje)