Fryske roeister Ymkje Clevering pakt WK sulver yn fjouwer-sûnder-stjoerfrou

31 aug 2019 - 15:09

De Nederlânske roeisters fan de fjouwer-sûnder-stjoerfrou, mei Ymkje Clevering fan Haulerwyk, ha yn it Eastenrykse Linz sulver pakt op it wrâldkampioenskip. De froulju moasten yn de finale allinnich Australië foargean litte.

Foto: ANP

Yn de finale giene de Oranje froulju foarsichtich fan start, mar geandewei de finale roeiden se har nei de kop fan de wedstriid. De ynhelrace stopte op it twadde plak, Australië wie net mear yn te heljen.

Ellen Hogerwerf, Karolien Florijn, Ymkje Clevering en Veronique Meester wiene earder dizze wike noch de snelste yn de kwalifikaasje. Dêrmei pleatsten se har al foar de Olympyske Spelen fan 2020 yn Tokyo. Earder dit jier waarden de froulju ek al Europeesk kampioen.

By de manlju-sûnder-stjoerman koe Jan van der Bij fan Earnewâld mei syn maten net meidwaan om de medaljes. Sy moasten de B-finale roeie, mar wiene dêryn wol de rapste.

Trefwurden: 
WK roeien Ymkje Clevering
(Advertinsje)
(Advertinsje)