Nasjonale primeur: SC Hearrenfean hellet Fjetnameeske fuotballer nei Nederlân

31 aug 2019 - 14:50

Sportklup Hearrenfean hiert de Fjetnameeske linksback Doan Van Hau dit seizoen fan Hanoi FC. Dêrmei hat de klup in primeur te pakken. Nea earder spile der in fuotballer út Fjetnam yn Nederlân.

Foto: ANP

Van Hau is 20 jier en spilet as linksback. Hy kin ek as linker sintrale ferdigener yn aksje komme. Hy kaam 18 kear út foar it nasjonale alvetal fan Fjetnam. Van Hau wurdt hierd, mar Hearrenfean hat ek in opsje ta keap. Boppedat kin it kommersjeel nijsgjirrich wurde. Fjetnam is in fuotbalgek lân.

Hanoi FC waard yn 2006 oprjochte en komt sûnt 2010 yn aksje op it heechste nivo. Se waarden fjouwer kear kampioen en stean healweis de kompetysje earste.

Fenomeen op social media

Doan Van Hau is gjin ferneamde namme yn de fuotbalwrâld, mar hat wol 649.000 folgers op Instagram. SC Hearrenfean hat der sels 'mar' 39.000.

(Advertinsje)
(Advertinsje)