Cambuur Sjoernaal: Op 'e nij in thúsoerwinning

31 aug 2019 - 14:17

SC Cambuur hat ek de twadde thúswedstriid wûn. De Ljouwerters lutsen tsjin FC Den Bosch mei 3-2 oan de langste ein. Spits Robert Mühren wie op 'e nij belangryk mei twa doelpunten. Dat seach haadcoach Henk de Jong fan de tribune ôf, hy wie skorst en dus naam assistint-trainer Sandor van der Heide syn taken oer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)