Turnsters twadde by ynterlân op It Hearrenfean

De Nederlânske turnploech hat by de ynterlân tsjin Italië en Noarwegen it twadde plak behelle. Op It Hearrenfean kamen neist Lieke Wevers ek Eythora Thorsdottir, Sanna Veerman, Naomi Visser en Tisha Volleman yn aksje. Se hellen in totaal fan 162.067 punten.
Argyffoto © ANP
De Italianen hellen 165.766 punten. Noarwegen einige mei 146.400 punten op it tredde plak.
Yn de yndividuele mearkamp einige Lieke Wevers as sande mei (53.467). Har suster Sanne Wevers, Olympysk kampioen op de balke, kaam net yn aksje. Se hat lang lêst hân fan in heup- en skonkblessuere.
Op 14 septimber turnje de Nederlânske froulju in ynterlân tsjin Hongarije, Spanje en Switserlân. Nei dy wedstriid wurdt it WK-team bekend makke. Dat WK is begjin oktober yn Stuttgart. Dêr kin dielname foar de Olympyske Spelen yn Tokio ôftwongen wurde.