Feansters yn de bus nei Democratiefestival: "Je komt oren en ogen tekort"

31 aug 2019 - 13:06

In busfol Feansters is sneontemoarn betiid op de bus stapt nei Nijmegen om dêr it earste 'Democratiefestival' fan minister fan Ynlânske Saken Kajsa Ollongren mei te meitsjen. Op it festival oan de Waal wurdt de hele dei praat oer wichtige tema's as de enerzjytransysje, migraasje en definsje, mar foaral ek oer de krêft fan de demokraasje.

Van der Zwan yn de bus - Foto: Twitter, Tjeerd van der Zwan

Minister Ollongren hat alle Nederlânske gemeenten frege om in busfol ynwenners te stjoeren. Yn Fryslân dogge allinnich de gemeenten Hearrenfean en De Fryske Marren dat, mar dy Fryske delegaasje is wol entûsjast.

"Democratie is belangrijk, ook al is die er wel in Nederland", seit boargemaster Tjeerd van der Zwan. "Ook een kwestie als de gekozen burgemeester komt hier ter sprake. Daar zijn de meningen over verdeeld, maar het mooie is dat we er gewoon vrijuit over kunnen spreken, en die rijkdom is niet in elk land een gegeven."

Minsken dy't earder meidienen oan projekten as de boargertop G1000, binne yn de bus stapt. "Die zijn toen geïnteresseerd geraakt in de lokale politiek en zeiden we gaan graag mee, want het gaat over ons."

Ek al is Nederlân in demokratysk lân, sa'n festival hat wol doel. "Je moet het ook onderhouden, en het is ook gewoon gezellig. Je komt oren en ogen tekort om alles mee te beleven."

Van der Zwan is der dan ek fan oertsjûge dat by in mooglike folgjende kear mear delegaasjes meidwaan sille.

Tjeerd van der Zwan

(Advertinsje)
(Advertinsje)