Man raast minsken wekker

© Omrop Fryslân
In 24-jierrige ynwenner fan Drachten is sneintemoarn betiid oppakt fanwege roppen en razen nachts. Nei oanlieding fan in rûzje yn de Kievitstrjitte waard de help fan de plysje ynroppen.
Plysjes koene it trelit delbêdzje mar de 24-jierrige gie troch mei lûd te roppen en te razen. Buertbewenners waarden dêr wekker fan mar de man wie nettsjinsteande dat de plysje it ferskate kearen besocht, net ta bedarjen te bringen. Uteinlik is er oanholden en oerbrocht nei it plysjeburo.