Organisator ITGWO: "In de loop der jaren goede relatie opgebouwd"

31 aug 2019 - 12:54

De earste nacht fan it festival Into The Great Wide Open op Flylân sit derop. Wylst in eilân fierderop, op Skylge, de organisaasje fan it festival Eilân mei de hannen yn it hier sit, wurdt op Flylân folop feest fierd.

It is in wat frjemde situaasje: 6.000 besikers genietsje folop fan Into The Great Wide Open op Flylân. In festival yn de natuer mei muzyk, dûns en kultuer. Oer twa wiken wol de organisaasje fan it festival Eilân op Skylge hast itselde besykje te organisearjen.

Mar dêr kin it festival net trochgean as gefolch fan in ferkearde fergunningoanfraach. "Ik vind het heel sneu, voor beide kanten, maar je moet de zaken wel goed voor elkaar hebben," seit Ferry Roseboom fan Into The Great Wide Open dêroer.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Ferry Roseboom

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

In goede gearwurking mei de minsken dy't dêroer geane, is neffens Roseboom de kaai om derfoar te soargjen dat in festival goed trochgean kin. "Ik hoor niet zoveel klachten. Ook de samenwerking met instanties is goed. We doen dit al jaren en hebben in de loop der jaren een goede relatie opgebouwd."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De organisaasjes fan beide festivals hawwe kontakt hân oer it mislearjen fan de fergunningoanfraach. "Ze willen volgens mij ook nog iets van ons lenen, maar ik weet niet of dat nu doorgaat." Dochs hopet ek Roseboom dat Eilân oer in pear wike trochgean kin: "Om nou zo'n draconische maatregel te nemen, dat vind ik heel heftig."

(Advertinsje)
(Advertinsje)