Feestlike dei yn Burgum: fuotbalklups BCV en VV Burgum fusearre

31 aug 2019 - 11:58

Yn Burgum is al jierren praat oer it gearfoegjen fan de fuotbalklups BCV en VV Burgum. Sneon wie de feestlike startdei fan fúzjeklup mei de namme FC Burgum.

Rivalisearjende klups yn itselde doarp sille hieltyd mear fusearje moatte om de holle boppe wetter te hâlden. Wie dit in skoft lyn noch ûntinkber, no dogge de tsjinstellingen as kristlik of sekulier, earm of ryk, wyt of swart der net mear ta. It wie in logyske stap, neidat de jeugd fan beide klups al folle langer meiïnoar fuotballen yn de klup BBC en in eigen kultuer krigen hienen.

Dêrneist smyt de fúzje finansjele foardielen op en ferbynt it de ynwenners fan Burgum. De Sintrale As soarge earder al foar mear ienheid yn it doarp. Dat wurdt no net mear yn twaën snijd troch in trochgeande dyk.

FC Burgum bringt de ynwenners noch mear byinoar. "Dat we op ien doarp no mar ien fuotbalferiening hawwe, is foar de leefberheid fan it doarp it grutste foardiel," mient foarsitter Dirk van der Woude.

Fuotbaljende bern en foarsitter Dirk van der Woude

(Advertinsje)
(Advertinsje)